Opromje

By ús yn’e keuken stiet sa’n bakje op’e tafel mei ‘mail’ derop, foar de post dy’t wy bewarje en letter noch ris ynsjen moatte. Fanmoarn besjoch ik it bakje ris en fyn it der aardich útpûljend útsjen. Dêr moatte wy mar ris efkes in slach trochhinne. Wapene mei in bakje…

Myn fytske

“Kraks!”, sei myn fyts earne midden op De Kolk en doe hâlde it op. Noch in pear trapen koe ik dwaan, folle fierder as oan de fytsmakker kaam ik net. “De krukas is stik”, sa hearde ik hjir. “It kin net wer hiel.” Oe, dêr moast ik dochs wol efkes…

Oaljeboltsje

“Sille wy in oaljeboltsje hawwe?” Myn foarstel by it passearjen fan de kream wurdt fuortendaliks beäntwurde mei it fertraagjen fan it kuiertempo. – “Ja??” Grutte hoopfolle eagen sjogge my oan mar tagelyk hear ik ek alwer in stimke wat sizzen oer it minder iten en ôffallen wêr’t wy it okkerdeis…

Fluch bakje

De ronkjende auto dy’t efterút op it hiem yndraait wie luts myn oandacht. Ik stie op fan myn burostoel en seach noch krekt it skaad fan in man mei in donkere jas en in muts op nei de glimmende bolide stowen. Hy tikke noch efkes op’e iepensteande efterklep dy’t dêrnei…

Apelflap

“Wat soe ik no nocht hawwe oan in hearlik waarme apelflap”, sa hear ik deselde stim sizzen dy’t ek witte faak resolute plannen hat oer ôffallen, minder ite, mear beweagje en dit soad fan saken. En dan is it op dizze reinige sneintemiddei yn novimber al gaueftich efkes in swiere…

Foutkoade

“O-ooh!” De lûden út de keuken klinke net hiel geunstich. Foar de ôfwaskmasine dy’t drok oan it wurk is, leit ien grutte bel mei skûm en wy sette it apparaat dan ek mar stil. It skjinmeitsjen fan fleskes mei sjippe hie dochs oars moatten, sa is de konklúzje. As wy…