Apelflap

“Wat soe ik no nocht hawwe oan in hearlik waarme apelflap”, sa hear ik deselde stim sizzen dy’t ek witte faak resolute plannen hat oer ôffallen, minder ite, mear beweagje en dit soad fan saken.

En dan is it op dizze reinige sneintemiddei yn novimber al gaueftich efkes in swiere striid tusken goed en kwea wêryn hiel krêftdiedich mei hiel teloarstellende eagen besluten wurdt om sa ferstannich mooglik dochs mar net te kiezen foar de apelflap. Hielendal rêstich is it neffens my net yn it kopke, de apelflap bliuwt dochs oandacht freegjen.

Run kofjetiid hear ik nammentlik lûden út de keuken kommen dy’t my fermoedzje litte dat de minder ferstannige kant dochs wûn hat, en de hearlike swiete geuren befêstigje dizze gedachten. In heal oerke letter drinke wy in bakje kofje mei in hearlike waarme apelflap derby. Earlik sein hie ik ek net oars ferwachte en haw hearlik mei snobbe.

Scroll naar boven