Hastich

Myn kuierke hie ik krekt hân doe’t it alwer wat begûn te reinen. Op myn kantoar hie ik mysels in lekker bakje kofje ynskonken en siet no te sjen wat de aginda hjoed allegearre foar my op it programma hie.

Ferhip, om healwei tsienen in gearkomst yn De Bining, sa seach ik ta myn alteraasje. Dat wie al in heal oare lyn en ik frege my of: hat it noch sin om te gean? Twa tellen letter wie de beslissing lykwols naam, sprong ik yn de skuon en sûnder dizze te fiterjen siet ik al gau op’e fyts en fleach yn rap tempo dat út.

“Myn ekskuus”, sa kaam ik binnen yn it sealtsje wêr’t myn groepke siet. Sy wiene gelokkich noch mar krekt oan it begjinnen. Neat oan’e hân sa like it, mar myn pinne – dy’t ik yn’e hastichheid net meinaam hie – haw ik de hiele gearkomst wol mist.

Scroll naar boven