“Hawwe wy noch lietboeken?” Ien fan de liturgydielers kriget op in sneintemoarn dizze fraach fan in gastbesykster. Op it plak wêr’t se altyd wiene te finen, lizze se al in hiel skoft net mear en ek in syktocht troch diverske kastkes leveret neat op.
Ien fan de tsjinst efter de desk kriget in ûnbeheind idee: der leit fêst noch wol in lietboek efter de kânsel en ja hear… Hy gnobbet it boek dêrwei en bringt it by de frou fan middelbere âldens dy’t it mei help fan de beamer oars net lêze en meisjonge kin.
De died wurdt foar de tsjinst by de dominy opbychte. Dy fertelt dat hy dat eksimplaar altyd wol brûkt mar wit ek fan it skerm oan de galery wêr’t de lietteksten wol op ferskine. As de preek net te lang duorret sil dizze net yn stand-by falle en sa kin der in tsjerkebesiker ekstra meisjonge.