Posityf yn it waar sjen

“Brrr, wat is it smoarch waar net”, sa krimmenearre de âldere mefrou mei in grillich gesicht wylst sy de measte fochtigens fan har jas ôfkloppe by it taffeltsje neist my yn’t waarme kafee. – “Ja, hearlik hin”, sa probearre ik in positive draai te jaan oan it almar oanhâldende geëamel oer rein en kjeld. “Tsja… sa kinst it ek sjen”, reagearre sy en ik miende wier dat ik in lyts glimkje om’e mûle seach.

Doe’t ik letter yn ‘t Fean in kuierke makke, kaam ik in oare frou tsjin dy’t bliid wie dat it efkes droech bûten wie by it útlitten fan har hûntsje. “Ik sit folle leaver binnen by de kachel.”

– “It is dochs folle mear genietsjen fan de waarmens as it út en troch ekris kâld en wiet is? Tink dêr daalks mar ris oer nei by it waarme kacheltsje.” Sy koe my dêryn gjin ûngelyk jaan.