Fan’e sokken

It is krekt foar healwei njoggenen as ik de doar út gean foar myn moarnskuier. De sinne skynt al aardich, it is hearlik droech waar. Fierderop hear ik in autodoar iepen gean en hastich wer ticht klappen. De auto start en fuortdaliks wurdt der in straal gas efterút jûn.

Al dizze lûden binne hiel tichtby, mar dan ynienen wurdt ik hast fan’e sokken jage. Yn in flits sjoch ik myn hiele libben oan my del gean, mar in tel letter stean ik alwer geef yn’e deistige wrâld.

Net sa fier fan ús hûs is in mem wierskynlik wat oan’e lette kant mei it bringen fan in berntsje nei skoalle en dat moat fansels wol aardich hastich as de skoalbel om healwei njoggen giet. Sy stoppet gelokkich efkes en rêdt dêrmei myn libben. Dan giet de oandacht wer folop nei de klok en skuort sy mei piipjende bannen de strjitte út.