
Middenwei
It wie de hiele dei tropysk waarm west doe’t it team fan Connexion byinoar kaam foar in oerlis oer de tarieding fan de tsjinsten en de ûntwikkelingen derom hinne. It wie noch benaud waarm yn de plak fan gearkomst De Bining. “Litte wy bûten fergaderje”, sa wurdt der foarsteld en…

Spiksplinternij
De lektor wie noch mar kwealik útein set mei de skriftlêzing doe’t de beamerman ferskrikt om him hinne seach. De tekst dy’t hy mei de spiksplinternije beamer op it spiksplinternije skerm fertoane, kloppe net mei de tekst dy foarlêzen wurde en dan sit de beamerer of de lektor ferkeard. It…

Bysûnder
Yn it programma fan de Kerkenbeurs wie ek de mooglikheid om in rûnlieding te krijen troch it gebou wêr’t wy te gast wiene, de Bethel yn Drachten. No, dêr woene wy fansels wol efkes sjen, want hoe moai as wy it yn ús eigen gemeente ek foarinoar hawwe, buormans gers…

Kostersteam
De koster is sneins de earste en lêste persoan yn’e tsjerke. De ljochten moat oan, it gleske wetter foar de dûmny moat klearset wurde en dat binne noch mar in pear saken dy’t op harren wurklist steane. As dan efkes letter de beamer- en de kameraman binnen komme en harren…

Organisaasje
In jûntsje Soep & Sjoelen, dêr hat in aardich diel fan de gemeente har al mear as ien en twa kear mei fernuvere en yn de wannelgongen is dan ek al meardere kearen de fraach stelt as it net hast ris wer safier is. “Jawis”, sa antwurdet it organisearjende ferbiningsteam…

Klokliede
It gleske wetter dat foar de dûmny by de kânsel stean moat, stiet klear op de desk. Dit is it systeem fan ien fan de kosters om neat te ferjitten of te lang duorje te litten. Eksakt om healwei tsienen skeakelet hy de tsjerkeklok yn en rint nei foaren mei…

Murphy
De ynternetsteuring is oplost, mar de monteur wie noch mar krekt fuort of it kamerateam ûntdekt dat it systeem fan de betsjinning net mear wurket. Nei lang sykjen yn in yngewikkeld systeem wurdt besletten om snein dan mar wat ienfâldigere bylden út te stjoeren. Op dizze sneintemoarn liket de wet…

Technyk
De technyk moat altyd wurkje en as it net wurket, wurket it net. Eins is it alle sneintemoarnen foar de betsjinners fan de beamer, kamera en lûdynstallaasje wol wer in bytsje spannend: wurket it allegearre sa’t it wurkje moat? De tsjinst fan de startsnein is al in aardich ein op…

Needútgong
De sneintemoarn is alwer sinnich en waarm begûn en it sil wol wer in tropyske dei wurde. “Sil ik de needútgongen mar iepen sette?”, freget koster Oebele oan gjinien yn it bysûnder. Foar de tsjerkegongers hat hy it alderbêste yn’e sin en hy freget him sels noch ôf as de…
Yn balâns
“Dit wie fan’t jier de lêste kear dat ik dit doch!”, foeteret ien fan de frijwilligers by it ynleverjen fan de enveloppen foar de tsjerkebalâns. “It binne ek altyd deselden dy’t it spul net op tiid klear hawwe!” In oare frijwilliger werkent dit ek wol, mar besjocht de balâns fan…