Myn skriuwsels diel ik net op myn side om skouderklopkes te krijen, ik doch dit foaral omdat ik skriuwen prachtich fyn en dit graach publisearje. Fansels fyn ik it wol noflik as ik út en troch in plomke krij en dat der hjir en dêr wat respons is, dat makket it noch moaier.
Meastentiids probearje ik it sa koart en libbendich mooglik te hâlden, sadat lêzen ynteressant bliuwt en net tefolle tiid kostet. Foaral de Fryske stikjes hâld ik sa bûnich mooglik sadat ús memmetaal foar elkenien te oersjen is. Kompjûters fan de sosjale media rekkenje somtiden in lêstiid út fan net mear as in minút.
“Ik lês dyn Fryske stikjes altyd hear”, sa hearde ik okkerdeis ien fan de dochs wol meast bysûndere komplimintsjes dy’t ik krige. “Witst wêr’t ik dizze stikjes lês?”, sa sette de lêzer stikem flústerjend útein. “…op de wc.” No, as dat net libbendich is.