Tiidfergriemen

Wêr binne dochs dy goeie âlde gearkomsten fan eartiids bleaun wêr’t de saken mei in goeie foarsitter dúdlik besprutsen wurden en der dan spikers mei koppen slein wurden. Boppedat wurden der ôfspraken makke dy’t kreas yn’e notulen kamen.

Tsjintwurdich wurdt der yn in gearkomst oer fan alles en noch wat heggele en stiggele, elkenien fynt wol wat en as it dan op in momint te let driget te wurden grypt de foarsitter yn en stjoert in nije Datumprikker bylâns.

De úteinlike ôfspraken wurde de oare deis makke fia de hjoeddeistige kanalen lykas WhatsApp en hjir wolle dan ek de minsken dy’t net by de gearkomst wiene der fan alles en noch wat fan fine en fynt de hiele gearkomst sawat noch in kear plak. Wat in tiidfergriemen, dat geâldehoer neitiids dat hja de hiele dei mar wat byhâlde moatte. Ik soe sizze: slach dizze spikers tenei fuortdaliks yn de gearkomst.

Scroll naar boven