Aaibaksel

“Bist dêr al wer?” Nynke is noch gjin twa minuten lyn de doar út gong foar in bakje tee by in freondinne en meastentiids is sy dan wol en moai skoftsje fuort. – “Ja, har froulju bin oan it bakken en sy frege as ik noch efkes in aai meinimme…

Kreas

“Bist mar kreas yn’e klean…” Nynke stiet fan’e moarn aardich te pronkjen foar de spegel. It is in gewoane wurkdei en meastentiids hat sy dan in spikerbroek oan mei wat passends derby. “Ja, giet it te bot?”, freget se. “Ik haw in kast fol kreaze klean en dy kin ik…

Skjinne ûnderbroek

Yn in hiele ûnnoazele diskusje op WhatsApp hiene twa freonen dield dat de ien yn it ferline alris in smoarge ûnderbroek nei de oar smiten hie by Back to the Sixties. As dit no in wier ferhaal is, litte wy hjir mar yn it midden, it sloech wierskynlik nearne op….

Leppel

Noh! Wêr is hy no?!’ Niiskrekt hie ik de leppel wêrmei ik – lykas as alle moarnen – in pear skeppen músly yn it skaaltsje skept haw, noch yn’e hannen. Ien momintsje haw ik it ritueel fan alle dagen trochbrutsen en ik bin yn’e war. It hiele oanrjocht sykje ik…

Smoor

Wolst der ek wat by drinke Dick?”, sa freget heit my as hy my nei de tafel liedt. Ik yt hjoed by him en der stiet smoor op it menu. “Ea fan wetter, molke of bier miskien?” Ik lit it earst gewurde en doch der sûnder te priuwen wat ketjap…

Ynkasso

As wy thús komme fan fakânsje leit der in aansichtkaartsje mei in betankje foar ús op’e matte. Der is ek in slúfke fan it Centraal Justitieel Incassobureau. No, dat is meastentiids wol dúdlik wêr’t dat foar is, mar de fraach is dan, wa fan ús hat it dien? Foar it…

Rûne ploai

“Moatst ris yn’e spegel sjen, op dyn kont…” It is noch aardich betiid yn’e moarn, ik kom krekt fan bêd. No ferwachtsje ik in tsjokke ûntstekking of pjukkel te sjen, mar ik sjoch in rûne ploai fan sa’n twa sintimeter wêr’t ik fuortdaliks myn fraachtekens by haw. Op de ferklearring…

Tún putsjes

“Di-iick! Hawwe wy ek sa’n ding wêrmei’tst ôfstannen mjitte kinst?” Nynke hat ljochtsjes kocht foar yn’e tún en fansels moatte dizze der fuortdaliks yn. As it my dan net út komt om te helpen, dan rêdt sy der sels wol mei. Mei in mjitlint en in tomstôk bemjit sy de…

Ofslankje

“Kinne wy betelje mei PayPall?” Wy sitte ûntspannen op ús terraske te genietsjen fan it moaie waar, de stilte en ús frije sneon as ik dizze fraach krij mei fuortendaliks de útlis der by. “Ik gean in app keapje wêrmei ik echt hie-iel slank wurd!” Ik leau it fansels hielendal,…

Blokkearre yn’e hûs

Wy binne tegearre yn’e keuken it iten oan it klearmeitsjen. De doar nei de bykeuken is ticht en dan ynienen fernim ik dat de fear fan de kruk kapot is, of sa. De kruk giet wol nei ûnderen mar der bart neat, de doar giet net iepen. Troch de foardoar…