
Komplemint
Yn de sauna haw ik noch mar krekt myn badjas ôf dien om in kabine yn te stappen as ik in âlde frou yn in badjas tsjinkom, sy rint mei in kuierstôk. “Meneer, mag ik u een compliment geven?”, freget se my neidat se my hielendal besjoen hat. Ik stean…

Minskenwurk
De oargelist begjint te spyljen en de gemeente sjongt de tekst dy’t projektearre wurdt. Al foardat de earste rigel útsong is, blykt dat de melody net hielendal past by de tekst. In diel fan de gemeente kent de tekst út’e holle en sjongt of njuentsjet mei, de oaren sjogge wat…

Sjoelblokjes op’e Jan Binneslaan
“Tinkst der al om dat jimme de sjoelbakken rjochtop hâlde, want oars giet it raar”, sa bring ik yn’t sin hoe’t it foarich jier gong is. Foar de aktiviteit Soep en Sjoelen dy’t wy doe yn De Lantearne organisearre hiene, moasten der seis sjoelbakken út it Feansterhiem komme – sa’n…

Bûsboekje
“Foar it earst hie ik dit jier gjin bûsboekje kocht”, sa lei ik de mefrou efter de toanbank by de Afûk út. “Mar ik mis ’m no dochs.” Al in oantal kearen earder dit jier soe ik der nei omsjen, mar hjoed soe it dan dochs wêze. Op de ynternetside…

Trochride
Doe’t ik fanmiddei de doar útstapte om nei Ljouwert te riden foar de skriuwkursus tocht ik wol aardich op’e tiid te wêzen, mar op it klokje yn it desboerd sjoch ik dat it al rom oer ien oere is. Neat oan’e hân, want dan kom ik meastentiids ek noch wol…

Tropysk yn’e hûs
Hjir doocht wat net, is it earste dat der troch myn holle giet nei it wekker wurden. Ik hear in lûd dat ik net hearre moat. As ik ûnder yn’e keuken bin foar myn moarnsiten, wurde myn tinzen befêstige: de temperatuer is hjir hast tritich graden, de kachel hat de…