Panda

dizze stoel wie dochs aardich oan’e maat. Ien slach draaie, krekt oarsom deryn, it paste alle kearen krekt net

Memmetaal

It Memoriam dat ik skriuwe woe, hie ik makke yn it Frysk, myn memmetaal. De sitaten dy’t der yn foarkamen, de emoasjes, yn alles soe ik my it bêst yn it Frysk útdrukke kinne. Doe’t de dei fan it foardragen stees mar tichter by kaam, wie der dochs twivel. Der…

#54 Froulju

Sommige froulju begjinne by harren aktiviteiten yn’e hús mear as ien en twa kear op in dei samar te praten, en ast dan fregest wat se krekt sein hawwe dan is it antwurd faak: ‘ah neat jong, ik praat wat yn mysels.’ Dan probearrest har praten wat te negearjen sadatst…

Tûzend

‘Net mear as tûzend’, sa jout de #hashtag oan fan de rubryk Samar-in-momint-yn-tfean dy’t ik regelmjittich meitsje en ik siet my okkerdeis ris ôf te freegjen wannear ik no einliks ris oan dy tûzend ta wêze soe, it sil dochs hast ris wêze nei sa’n twa jier skriuwen. Doe bin…

Blomke

“Hast wat goed te meitsjen?”, ropt in stim fanôf de oare kant fan’e wei as ik by de blommist nei bûten kom mei in boskje blommen op’e earm. “Nee hjer, ik doch dat gewoan omdat it út en troch sa moai is”, antwurdzje ik en de ferkeaper besjocht it noch…

Laminaatsnijer

“Is in laminaatsnijer net wat foar dy?” Dizze suggestje wurdt my dien omdat ik al in tiidsje dwaande bin mei it lizzen fan sa’n flier op’e souder. Ik doch dat op myn eigen amateuristyske manier en moat foar elke planke nei de garaazje om dizze op maat te meitsjen mei…