Waskmasine

Mei in piiptoantsje en in koade jout ús waskmasine oan fierdere tsjinsten te wegerjen. It iennichste dat ik betinke kin is om de leveransier mar te skiljen. Dizze monteur stiet de oare dei al foar de doar, dus dat is moai genôch.

De masine is noch gjin jier âld, dus it kin hast net oars as binnen de garânsjetiid falle, sa hawwe wy al betocht. Monteur is it dêr hielendal mei iens en hy hat ek al gau yn’e smizen wat der oan mankearret. Mar no blykt krekt de garânsjetiid it probleem te wêzen, want dizze beste man mei der neat oan dwaan: dat wol de fabrikant sels dwaan.

Wy moatte in ôfspraak meitsje en dan krije wy te hearren dat de personiele besetting hjir net hielendal ynoarder is. De kommende fjirtjin binne der gjin monteurs beskikber en moatte wy mar sjen wêr’t wy hinne moatte mei ús smoarge wask.