Gedachteleas

Efkes en boadskipke hjir, in boadskipke dêr, tassen thús bringe en wer nei de folgjende winkel om ynkeapen. Neist ús iten en drinken, it wurk en wat oare fêste patroanen, sjocht ús libben der eins sa wol sa’n bytsje út en kinne wy dit bestean ek hast wol op de automatyske piloat libje.

Sa tocht ik dizze wike doe’t ik nei in boadskipke hjir en in boadskipke dêr de saken ôflevere hie en troch soe nei de boumerk. Ynienen fytske ik op it havenpaad, de rûte wêr’t ik meardere kearen yn’e wike wol lâns kuierje.

Sûnder der by nei te tinken wie ik hjir hinne fytst en ynienen tocht ik: wat doch ik hjir eins?! Ik tink dat it net ferkeard is om ús dit wat faker yn it libben te betinken. Wêr binne wy eins mei dwaande? Genietsje wy noch? Efkes de gedachten stil sette en tiid foar dysels.

Scroll naar boven