Snijbeantsjes

Seishûndert gram snijbeantsjes steane der op myn boadskiplist by de grienteman, mar de ferkeaper hat dit net mear foar my op foarried. As man fan tinken yn oplossingen sjoch ik hjir yn gjin probleem, mar om foar te kommen wat ferkeards mei te nimmen, stjoer ik efkes in berjochtsje nei hûs: “gjin snijbeantsjes, wat wol?”

It moast dochs wier wol dizze griente wêze, want der stiet snijbeanenskoattel op het menu en dus moat ik nei de supermerk. Om dochs foar wat konsternaasje te soargjen, stjoer ik dêrwei noch in berjochtsje nei it thúsfront: “ik haw seishûndert gram spinaazje meinaam, dus ite wy hjoed spinaazjeskoattel.”

‘Dit gerjocht kin wier net mei spinaazje’, sa krij ik fan in stampende frou te hearren as ik thús kom. Dan goai ik mei in brede glimk de snijbeantsjes op it oanrjocht. As tank krij ik dan in flinke draai mei de ôfdrûchdoek om de earen.

Scroll naar boven