Alle moarnen kom ik tidens myn kuierke wol sa’n bytsje deselde minsken tsjin, dy’t op dat stuit ek in rûntsje dogge. De measten kin ik dan ek wol en mei in soad meitsje ik ek wolris in praatsje. Sommige fan harren hawwe in hûn en ek dy kin ik faaks wol.
Fannemoarn seach ik in kombinaasje dy’t ik net werkende: de jongedame run mei har eigen hûn dy’t netsjes sa as altyd neist har run, no hie sy ek in bastert oan it ket. “Dizze heart net by dy”, wie myn konklúzje dan ek.
“Nee jong, dizze kaam oanrinnen út de fûgelbuerten, dy haw ik mar efkes meinaam. Dizze skuort my alle kanten op”, sa stelt se fêst en dat is ek dúdlik te sjen, mar sy rêdt der mei. “Ja jong, dizze skyt my it hiele paad bydel.” Ik probearje myn kuier tempo wer op te pakken. “No, sukses!”