‘FaceTime gesprek gemist’, sa sjoch ik op myn kompjûterskerm stean wannear ’t ik nei de kofje op myn kantoar kom. Anja hat probearre my te berikken en meastentiids tink dan: ‘as sy my ha moatte, skilje se wol wer’, mar dit wie noch mar fiif minútsjes lyn en ik wie dochs ek wol in bytsje nijsgjirrich wat sy my op in woansdeitemoarn te fertellen hat.
En dus klik ik op har namme en in pear sekonden letter ferskynt har gesicht yn byld. “Oh jong, ik heb een nieuw toestel en drukte per ûngelok op jouw naam”, ferûntskuldiget sy har laitsjend. No dêr moat ik fansels ek wol wer om laitsje en sa is it fuortendaliks gjin ûnplezierich petear.
Foar wy it yn’e smizen hawwe, sitte wy yn in djipgeand petear en meitsje wy al hast wer en ôfspraak foar it drinken fan in bakje kofje. En dat allegearre, per ûngelok…