#37 Ofsletten
In rûn wyt ferkearsboerd mei in grutte reade râne, wy witte allegear wol wat dat betsjut. It is ferbeane om dizze wei yn te riden en dat wurdt al hielendal dúdlik makke as der in giel boerd yn hielendal net yngewikkelde Nederlânske taal oanjout dat it ferkear oer hûndert meter…
Blomke
“Hast wat goed te meitsjen?”, ropt in stim fanôf de oare kant fan’e wei as ik by de blommist nei bûten kom mei in boskje blommen op’e earm. “Nee hjer, ik doch dat gewoan omdat it út en troch sa moai is”, antwurdzje ik en de ferkeaper besjocht it noch…
Laminaatsnijer
“Is in laminaatsnijer net wat foar dy?” Dizze suggestje wurdt my dien omdat ik al in tiidsje dwaande bin mei it lizzen fan sa’n flier op’e souder. Ik doch dat op myn eigen amateuristyske manier en moat foar elke planke nei de garaazje om dizze op maat te meitsjen mei…
Mystearje
It lûdsje bliuwt mar oanhâlden, ik wurd stees nijsgjirriger en wol witte wat it is!
Bubbels
Efkes in tsjerkeradio ynstallearje by in bewenner fan ’t Suyderhuys, noch net sa lang lyn wie dit yn in pear tellen klear. Dan fertelde ik by de resepsje wêr’t ik hinne woe, dêr krige ik it keamernûmer en koe ik myn gong gean. Meastentiids krige ik by de bewenner dan…
Bytanke
Trochdat ik myn fotokamera net mear regelmjittich brûk, stiet it apparaat wol wikenlang yn’e kast. Doe’t ik fannemiddei efkes in foto sjitte soe foar in opdrachtsje, sloech de skrik my om it heart: it lampke fan de batterij stie te knipperjen en dat betsjut meastentiids dat der net safolle tiid…
Gemak
Om it jo makliker te meitsjen, freegje wy jo om postkoade en hûsnûmer yn te sprekken. Alle kearen as ik nei de grutte provider belje, wurdt my dizze opdracht jûn wêr’t ik net omhinne kin. Nei in oantal tillefoantsjes begjint it my wat te yrritearjen, al hielendal om de earste…
#30 Rideltsjes
“Goeiemoarn, jo prate mei Trientsje fan dat-en-dat bedriuw, wêrmei kin ik jo fan tsjinst wêze?” It is altyd sa’n fêst freonlik rideltsje wêr’t telefonistes it petear mei begjinne en as sy it dan net mear witte ferbine se troch nei de ôfdieling. “Momintsje graach.” Dan duorret it faak in tydsje…
Rollebolje
Yn de sauna springe wy somtiden samar yn in iiskâld badsje nei in waarme sit yn in kabine. Dat jout in soad fan kik en neffens my is it ek wol sûn. As wy by de Noardsee komme – as it no simmer is as midden yn’e winter – wol…
Mûlekapke
“Wolle jo asjeblieft wol in mûlekapke drage?” It famke by de yngong fan de supermerk hie it hiel fatsoenlik frege mar dizze klant hie wegere. In hiel soad minsken fynt it mar neat – ik bin der sels ek gjin leafhawwer fan – om dy ûnhandige dingen te dragen, mar…