‘Ferhip, wêr is myn paraplu’, tocht ik fan ‘e moarn doe’t ik op de fyts stappe soe yn’e rein; in pear reindripkes kin ik wol haw, mar sûnder paraplu fyn ik der neat oan. Gelokkich hawwe wy noch wol in pear mear fan dy dingen yn de garaazje stean, mar dochs wol ik myn eigen eksimplaar graach werom haw en dus gean ik yn gedachten myn gongen fan de ôfrûne dagen efkes nei.
Tiisdeitejûn wie de lêste kear west dat ik der op út west hie, foar safier ik my betinke koe en ik jou dan ek fia in berjochtsje in sa eksakt mooglike beskriuwing fan myn paraplu oan de behearder fan it gebou dat ik besocht ha.
Hy hat by de doar fan it gebou in eksimplaar sjoen dat sa’n bytsje oan myn beskriuwing foldocht en dizze lizze litten. Ien kuierke dêrlâns is genôch om him werom te finen.