“Ik wol dizze acht milimeter films ynleverje om te digitalisearjen.” It famke efter de kassa seach my mei grutte eagen oan doe’t ik in taske mei filmspoelen foar har del lei. “Wat woene jo??” Ik werhelle myn fersyk, mar omdat sy noch gjin flau idee hie wêr’t it oer gong, helle se der in kollega by.
“Dizze mynhear wol wat ynleverje…”, sa begûn sy foarsichtich, mar kaam der net út. Doe haw ik myn fersyk nochris dien oan de krekt wat âldere dame, en sy hie fuortdaliks yn’e smizen wat ik woe en pakte de papierkes der by om yn te foljen.
“Dat bin ek fersiken út de foarige iuw hin”, sa probearje ik it jonge famke wat gerêst te stellen neidat sy alfêst wer in oare klant holpen hie en no wat stie te sjen. Sy sil nea begripe dat dit materiaal eartiids nedich wie om filmkes te meitsjen.