De koade wie read, alle nijs makke der melding fan en wy hiene sels in NL-Alert krige: gean net nei bûten as it net hoecht, want it waait hiel hurd.
As de stoarm no Dudley, Eunice of Franklin hjit, ik wit it net, mar wy sieten hearlik thús by it kacheltsje mei in bakje tee of kofje derby. De beammen gongen wol aardich hin en wer en dat makket it dan wol allegearre wat spannend, mar fan los sittende dakpannen fernamen wy neat en sa like de stoarmen wol aardich oer ús hinne te lûken.
Mar doe stie buorman fanmiddei oan’e doar mei de melding dat der oan syn kant in dakplaat fan ús hokje stikken waait wie. Mei in soad rein op it programma moast ik doe fuortdaliks oan’e slach om de skea te reparearjen, want mei in gat yn it dak is alles wol hiel gau dweil trochwiet.