Lûd fan muzyk

Trije froulju sieten der dizze sneontejûn by ús yn’e keamer, allegearre hearlik ûntspannen mei in tekkentsje oer de knibbels te genietsjen fan ‘the Sound of Music’. Ik fersoarge de catering en sette kreas op’e tiid in bakje tee en in buorrel foar harren op’e tafel.

In bin net sa’n leafhawwer fan dit soad films dat ik haw my wat werom lutsen, mar ik koe wol sa’n bytsje folgje dat sy it hiel gesellich hiene. In film fol mei muzyk en it duorre dan ek net lang of de froulju sieten folop mei te sjongen.

No, dan witte hja wil hoe’t dat giet: op hege toanen hiel entûsjast meidwaan mei de muzyk. Ik koe wol genietsje fan dizze fleurige froulju, de kat wist bygelyks net wêr’t hy sjen moast mei al dizze hege toanen en dy stode troch de keamer. Hy joech sa oan net fan sa dizze muzyk te hâlden.

Scroll naar boven