BMW

Der wie ik fan’e moarn hast BMW-rider west. Tidens myn deistich kuierke seach ik de sjauffeur fan in dikke BMW syn auto parkearjen oan’e kant fan’e wei en sûnder efteromsjen liet hy syn auto ronkjend stean wylst hy in winkel yn gong. 

Efkes haw ik it yn my om gean litten om yn de auto fuort te riden. Net allinnich om de eigener fan de auto ris flink skrikke te litten, mar ek om ris sjen te litten hoe rûch as wy eins mei ús besittingen om geane.

Ik hie nammentlik neffens my net iens skuldich west oan stellerij. De auto stie ommers yn it earste plak net op slot en dêrneist stie d’r ek nochris hielendal startklear. Eins hie ik de auto dus simpelwei fûn op strjitte. Mar ik tink net dat de BMW lang by ús op it hiem stien hie, dus ik haw ‘m mar stean litten.