Ferkeard ferbûn
Triii-iiing! It tiidstip fan dit telefoantsje docht my sa’n bytsje betinken wa’t der skilje kin en derom nim ik hiel entousiast op. “Mei Dick!” It bliuwt in skoftke stil oan’e oare kant. “Mei waaaa???!!!” Ik hear in âldere frou en neam in bytsje rêstiger myn namme. Opnij is it efkes…
Personielstekoart
“Hawwe jimme ek stoomcleaners?”, Yn de boumerk freegje ik dit oan de jongeman dy’t op dizze ôfdieling wurket. – “Uuh nee, die hebben we op het moment niet”, antwurdet hy, lykas de lêste krektlyn ferkocht is en der moarntemoarn wer in pallet fol yn de winkel stiet. Dan binne wy…
Fytsmakker
“En… kin ik myn fyts oan’e ein fan de moarn wer ophelje?” De klant hat krekt ferteld wat der sa’n bytsje oan syn fyts mankearret en de fytsmakker hat notysjes makke. “No, dat kin ik net mei wissichheid sizze”, is syn antwurd. “It is drok en wy binne op ‘t…
Kassawurk
De frou fan in jier as santich stiet mar wat súntsjes om har hinne te sjen as de kassa mei mar ien klant yn’e rige slút en sy oanslute moat yn in rige fan sân. “Dat is ek net klantfreonlik”, foeteret se tsjin gjinien yn it bysûnder. Sy is der…
Bier en bitterballen
Wylst de profs ús foarby fleane op De Kolk, steane wy efkes te sjen nei it plak wêr’t ik aardich wat jierren wenne ha. De balkontsjes lykje aardich minder yntinsyf brûkt te wurden dan yn de tiid dat wy der wennen mei de profronde. Fan lofts nei rjochts wie it…
Yntimidearje (2)
“Dy mynhear mei dat huodsje, dy wurdt net âld!” Ik kuierje by it tsjerkhôf it fytspaad op en sjoch yn’e fierte in groepke skoaljeugd wêrút ien jonge it blykber op my fersjoen hat. Dat stoere gerop en geraas fan tsjintwurdich, dêr skrikt ik net sa fan, dat ik kuierje gewoan…
Yntimidearje (1)
Twa jonges fytse my foarby, de iene hat in lûdsprekker efterop en de oare sjocht my by it ynheljen wol sa yntimidearjend en ûnnoazel oan dat hja der hast benaud fan wurde soene. Twa froulju fytse der efteroan. Omdat ik net sa gau earne benaud foar bin, skrik ik net…
Splinterke
Noch in lêste slach dwaan en dan is ek dizze put wer kleare, en krekt dy lêste heal skaavje ik mei myn tomme oer in wat rûch latsje dat ik meinimme sil. “Au bliksem!!!”, sa rop ik tsjin gjinien yn it bysûnder want ik bin hielendal allinnich, de reaksje giet…
Plestik pûdsje
Yn de tsiiswinkel leit meastentiids wol in blok tsiis klear fan ûngefear in kilo, altyd netsjes ferpakt yn plestik. Dizze lis ik dan op de toanbank en rekkenje ik ôf. Op it momint dat ik myn betelling regelje, pakt de ferkeaper hiel automatysk noch in plestik pûdsje, wierskynlik om it…
Simmerwurk
De temperatuer yn myn wurkkeamer rint fanmoarn betiid al gaueftich op rjochting seisentweintich graden. It is simmersk waar, de sinne skynt op’e glêzen mar ik haw de gerdinen ticht om it ljocht tsjin te hâlden. Rûnom njoggen oere nim ik in bakje kofje mei nei bûten yn it skaad en…