Fluch bakje

De ronkjende auto dy’t efterút op it hiem yndraait wie luts myn oandacht. Ik stie op fan myn burostoel en seach noch krekt it skaad fan in man mei in donkere jas en in muts op nei de glimmende bolide stowen. Hy tikke noch efkes op’e iepensteande efterklep dy’t dêrnei automatysk wer ticht gong, skeat yn’e auto en skuorde fuort.

Der stie in doaske foar de garaazjedoar en foardat ik mar tinke koe oan lûdsjes fan in tikjende klok en ûntploffing of sa, draaide der alwer in oare auto efterút it hiem op. “Wat bart hjir allegearre?!”, sa frege ik my hast lûdop ôf, mar ik wurde al gaueftich rêstich stelt.

De bestjoerder en ynsittende fan de twadde auto kamen inkeld gesellich in bakje kofje heljen, de earste auto wie fan in maat dy’t in doaske wyn brocht hie en blykber te hastich wie foar in fluch bakje kofje.