#5 Winkelkarre

“Ho mynhear, jo binne ferplicht om in winkelkarre mei te nimmen!” In meiwurkster fan de supermerk wêr’t ik altyd de boadskippen helje ropt my werom neidat ik lykas oars de winkel sa yn stap mei myn boadskiptas. Ik fiel my hast in krimineel dy’t ien fan de foarskriften rûnom al dat corona-gedoch wierskynlik net sjoen hat, mar helje meiwurkjend fuortendaliks in karke op. 

Ik hoech mar in pear boadskipkes, dus myn karke wurdt net sa fol en ik bin samar klear. Ik bin der yn dit koart skoftsje tiid dan ek net yn slagge om it doel dan dizze regel te betinken. De meiwurkster wit it ek net, de regel is noch mar krekt ynfierd, it iennichste dat sy betinke kin is ôfstân hâlde. Hiel stil moat ik hast in bytsje gûle, hiel langsum oan komme de minsken stees fierder fan mekoar ôf te stean, de ôfstân wurdt stees grutter