In ‘high tea’, ik hie der wolris fan heart as aktiviteit foaral foar froulju wêr’t in hiel soad hapkes binne, mar dizze kear bin ik der ek by útnoege en kin sels belibje wat it is. En ja werklik, it is allegearre snobbersguod yn skattige skaaltsjes steapele op moaie tuorkes, in hiele tafel fol.
Al in pear kear wie ik nei dizze tafel ta west om wat lekkers út te sykjen en dit bûten yn’e tún op te iten. “Fermakkest dy wat?”, frege de gastfrou my en foardat ik it yn’e gaten hie, joech ik har gjin antwurd, mar skeakele myn fantasy yn.
“Der sit in dikke kat op’e tafel”, warskôge ik en as in tongerslach by heldere himmel feroare har gesicht en soe sy nei de keuken. “Oe hea, nee wol!?!” Doe haw ik mar sein dat it net sa wie. In ‘high tea’ is dochs wol in belibjen.
