Al wikenlang hiene wy der nei útsjoen, ús fakânsje yn Noarwegen. It plaatsje fan it grutte appartemint earne bûten in lyts doarp oan in fjord wêryn wy ferbliuwe soene hiene wy dan ek grutsk oan in hiel soad minsken sjen litten. Elkenien begrypte wol dat wy wol nocht hiene oan sa’n grut lúks hûs mei in swimbad der yn.
Mei in groep fan njoggen man hiene wy de keamers al gau ferdield, it genietsjen wie begûn. Doe’t ik jûns noch efkes in kuierke makke, seach ik efkes fierderop in ferpaupere hús yn deselde kleur wêr’t ik efkes in foto fan makke.
“Op in plaatsje sjocht it der dochs oars út as yn it echt”, stjoerde ik derby nei it thúsfront mei de meidieling dat wy earst noch mar ris ûnderhannelje moasten. Neffens my wiene der wol guon dy’t in lyts bytsje skrokken fan it berjochtsje. Ik koe it net litte…

