It wie de hiele dei tropysk waarm west doe’t it team fan Connexion byinoar kaam foar in oerlis oer de tarieding fan de tsjinsten en de ûntwikkelingen derom hinne. It wie noch benaud waarm yn de plak fan gearkomst De Bining.
“Litte wy bûten fergaderje”, sa wurdt der foarsteld en elk mei in stoel, in kopke en in termoskanne yn’e hân en mei-inoar de tafel, is de saak samar ferhuze nei bûten ûnder de beam. Mar dan falt der in dripke rein en liket it goeie plan yn it wetter te fallen.
Doe hat it team keazen foar de gouden middenwei en de fergadertafel wer ferhuze nei binnen. De fergadertafel wurdt delset yn de yngong, dat is op dat stuit it meast noflike plakje. Mei de doaren iepen sit it der droech, net te waarm en út en troch waait der in fris wyntsje. Foar dizze gearkomst de ideale ferbining.