Koartôf

“Wol it wat slagje?” In grûnwurker stiet skodzjend mei de holle te sjen nei in wat âldere man dy’t syn fyts oer grutte bulten sân tôget en hast fêst sitten bliuwt yn in djippe kûle. “It sil wol moatte hin”, antwurdet de man dy’t stiif trochset koartôf.

It boerd dat it ferkear ôfsluten is fanwege wurksumens stiet al sa’n fiifhûndert meter foar de dúdlik midden op’e dyk mar dizze man is bepaald net fan doel om ek mar in meter oars te fytsen dan hy wend is.

“Mar de wei is wol ôfsluten”, probearret de grûnwurker noch in kear freonlik dúdlik te meitsjen. De man mompelet noch wat mar triuwt sy’n fyts fierder by de bult op.

Dan lit de wurker it ek mar foar wat it is en giet troch mei syn wurk: it klearmeitsjen fan de dyk foar auto’s en fytsers sadat sy wer gewoan troch ride kinne.

Scroll naar boven