Wetter foar de dokter

Al in tydsje haw ik de yndruk dat ik der ’s nachts faak út moat om wat kwyt te wurden en ek giet it plassen de lêste tiid behoarlik dreech. Omdat hja wolris hearre fan mannen op leeftiid dy’t wolris kwaaltsjes krije, haw ik ek mar in ôfspraak makke by de dokter.

Sa kuierje ik fannemoarn mei in fleske yn’e bûse nei de praktyk. Ik hie al sjoen dat it wetter der alles behalve suver útsjocht en dus bin ik yn alle steaten: it komt nea wer goed mei my en ik haw al ekstra oandachtich ôfskied naam fan thús.

De dokter kin gjin kweade saken ûntdekke en set wat op kweek. Ik krij wat piltsjes mei en kin dan gewoan wer nei hús gean. Eins falt it allegearre wol wat ta in miskien kin ik wol gewoan troch libje. Ik meitsje der yn els gefal mar it beste fan.