Ynkasso

As wy thús komme fan fakânsje leit der in aansichtkaartsje mei in betankje foar ús op’e matte. Der is ek in slúfke fan it Centraal Justitieel Incassobureau. No, dat is meastentiids wol dúdlik wêr’t dat foar is, mar de fraach is dan, wa fan ús hat it dien?

Foar it te hurd riden fan sân kilometer yn’t oere fan Nynkes wurk nei hús, moatte wy twa-en-fjirtich euro betelje. Spitich genôch, mar sokke dingen barre no ien kear as hja graach nei hús wolle. Sa wolle wy nei in wykje Limburg ek hjoed wol graach wer thús wêze.

Ek op’e rit fan ôf Maastricht hat de kilometerteller op’e snelwei mear flink boppe de hûndert west as der ûnder en ik hoopje dan ek stikem dat wy meikoarten net wer in slúfke fan it ynkassoburo op’e matte hawwe, want dan bin ik der wis fan dat de bekeuring foar my bestimd is.