“Hier nie met pin kunne betale hoor, apparaat ies kapoet”, sa krij ik te hearren fan de man efter de baly as hy myn reparearre skuon út it rek wei socht hat. Dêr stean ik dan by de skuonmakker, kompleet mei bankpas, mar sûnder jild en dus krij ik myn spul net mei.
Dan moat ik moarn mar wer hinne mei kontant jild út in pinapparaat, sa is de iennichste opsje dy’t ik my betinke kin. Ek betink ik my dat wy ús sa stadichoan behoarlik ôfhinklik makke hawwe fan de technyk, want hoe moatte wy it ea allegearre betelje as it spul stik is en wy hawwe tsjintwurdich net safolle kontant jild mear yn hús.
“Ach, dizze man hat gewoan gjin pinapparaat, dy wie foarige moanne ek al stikken”, sa krij ik thús te hearren. Hoe’t it ek is, wy binne sa stadichoan behoarlik ôfhinklik wurden fan de technyk.