“Di-iick! Hawwe wy ek sa’n ding wêrmei’tst ôfstannen mjitte kinst?” Nynke hat ljochtsjes kocht foar yn’e tún en fansels moatte dizze der fuortdaliks yn. As it my dan net út komt om te helpen, dan rêdt sy der sels wol mei.
Mei in mjitlint en in tomstôk bemjit sy de ôfstân. Ik wurd der noch wol efkes by roppen om in krúskopskroevedraaier foar de batterijen, mar dan steane de ljochtsjes al gaueftich yn’e grûn. Ut en troch seit se wat, as dit no it lûdop betinken of it útfieren earne fan is wurdt my nea dúdlik.
Ik draai de radio yn it skuorke wat lûder en genietsje fan Moonlight Shadow fan Mike Oldfield en lit Nynke har gong gean. Ut en troch stiet sy mei de hannen op’e heupe efkes nei har wurk te sjen. “It liket fêst hiel moai as it jûn brânt”, dêr is se hiel wis fan.