#6 Ofskied op ôfstân

Ien fan har froegere freondinnen wie ferstoarn, mar troch de regeljouwing rûnom corona-virus koe sy net by de útfeart wêze. Dizze frou fan 82 jier kaam op myn paad trochdat ik wol wat mear ferstân haw fan de nije ferbiningstechniken en fansels woe ik meiwurkje. De WiFi wie wol yn har hûs wol oanwêzich troch de kabeleksploitant, mar in kompjûter hie sy net; har man hie altyd dit soad saken regele en sy wie meastentiids dwaande mei de oare saken.

Ik haw efkes en laptop regele en dy by har yn’e keamer ynstalleare, efkes de tsjinst op gong holpen en sa koe sy der dochs in bytsje by wêze om ôfskie te nimmen. “Wat haw ik it no moai foar mekoar net”, glimpke sy doe’t ik har efkes letter allinnich liet mei de bylden fan’e tsjerke al op it skerm. Sa koe sy der dochs noch in bytsje by wêze.