Bier en bitterballen

Wylst de profs ús foarby fleane op De Kolk, steane wy efkes te sjen nei it plak wêr’t ik aardich wat jierren wenne ha. De balkontsjes lykje aardich minder yntinsyf brûkt te wurden dan yn de tiid dat wy der wennen mei de profronde.

Fan lofts nei rjochts wie it eins altyd krekt itselde: Dick en Nynke efter it iene hekje, Chris en Jesse yn it midden en heit en mem efter de tredde. Wy sieten al gau-eftich oan it bier en nei de finish duorre it nea lang as mem kaam yn alle keamers del mei in skaal mei bitterballen.

Tiden hawwe tiden. Doedestiids hiene wy in geweldich fertroud ‘thús’ plakje, no rinne wy ek mar wat tusken it publyk om. En mem is der net mear… Mar ek dit jier binne der bitterballen, as wy efkes by heit lâns geane. En wy krije der fansels in bierke by.