Kassawurk

De frou fan in jier as santich stiet mar wat súntsjes om har hinne te sjen as de kassa mei mar ien klant yn’e rige slút en sy oanslute moat yn in rige fan sân. “Dat is ek net klantfreonlik”, foeteret se tsjin gjinien yn it bysûnder. Sy is der dan ek rap by as de meidieling klinkt dat in oare kassa iepen giet. No is sy earst.

Sy stiet mar wat te sjen nei har boadskippen as de kassabetsjinster dizze scant. Earst neidat sy alle briefkejild en muntsjes wer yn har beurs hat, giet se wiidweidich oan de slach om de boadskippen yn har tas te wurkjen.

De kassabetsjinster, oare klanten en ik steane der mar wat ûnnoazel nei te sjen. Dit hie sy ek wol dwaan kind ûnder it scannen. In soad hast hat se yn elts gefal net, echt freonlik foar de oaren is it ek net.