Wykbrief

“Tinkst wol om it berjochtsje op’e wykbrief?”, sa krige ik as warskôging noch efkes te hearen. Ut en troch kleurje ik net altyd binnen de lyntsjes en is sa’n heugenis net ferkeard. “Ja, ja, sjoch mar, ik haw de útnoeging foar de Floriadetrip juster opstjoerd.”

In dei letter is it mear in ferwyt dat ik te hearren krij. “Wat hast no dien?! It stiet op de wykbrief fan CGKV!” Neidat ik it sels ek sjoen haw, gean ik op syk nei de oarsaak fan dit fersin. Dêrfoar hoech ik net sa fier te sykjen: by it yn tikken fan ‘wykbrief’ yn myn mailprogramma, folt it programma de rest wol yn en dy makket dan gjin ferskil tusken @PKN of @CGKV – wêr’t ik beide kontakt mei haw.

Myn misslach is te oersjen en wat my oanbelanget wurdt it in yntertsjerklik útsje. Lykas it mailprogramma sjoch ik hjiryn ek gjin ferskil.