“Goeiemoarn, jo prate mei Trientsje fan dat-en-dat bedriuw, wêrmei kin ik jo fan tsjinst wêze?” It is altyd sa’n fêst freonlik rideltsje wêr’t telefonistes it petear mei begjinne en as sy it dan net mear witte ferbine se troch nei de ôfdieling. “Momintsje graach.”
Dan duorret it faak in tydsje en hearre wy in troch-ferbyn-toan of in moai muzykje en dan komt de man dy’t mear ferstân fan saken hat oan’e line en kinst de fraach noch in kear stelle. Dizze minsken binne altyd like freonlik as wat hjer, mar ik moat somtiden wol wat laitsje om de toan wêr’t mei praat wurdt.
It rideltsje is dan krekt wat oars. “Wat bedoele jo dêr krekt mei?’ of ‘hoe woene jo sizze?’, klinkt op wat hurdere toan en dan fernimst datst mei in oar slach folk te meitsjen hast. Beide rideltsjes mei ik wol oer en wy komme der altyd út.