#37 Ofsletten

In rûn wyt ferkearsboerd mei in grutte reade râne, wy witte allegear wol wat dat betsjut. It is ferbeane om dizze wei yn te riden en dat wurdt al hielendal dúdlik makke as der in giel boerd yn hielendal net yngewikkelde Nederlânske taal oanjout dat it ferkear oer hûndert meter ôfsletten is.

Ik ha dan ek skodholjend mar ek wol in bytsje laitsjend stien te sjen nei it oantal autobestjoerders dat dochs eigenwiis fanút de fûgelbuert De Fazant yn rydt om sels fêst te stellen dat sy der doch wier net lâns kinne.

Harren gesicht sprekt by it kearen op in hiem dan boekdielen, sy binne fêst lilk omdat sy net it koartste paad nei it sintrum kieze kinne dat sy altyd ride, mar hiel miskien binne sy ek wol in bytsje lilk op harsels, dat sy dochs sa eigenwiis wêze woene om de dearinnende wei dochs yn te riden.