It wie hast iterstiid en ik hie wol nocht oan in hearinkje. By de fiskwinkel seach ik krekt in klant nei binnen ta gean en doe’t ik de doar iepene om binnen te stappen, seach ik wol dat ik de fjirde klant wie, wylst der tsjinwurdich mar trije yn meie.
“Ach, der is romte genôch”, sei de menear neist my en ik koe yndie noch wol in twa meter by de oaren wei stappe. Mar it famke frege hiel freonlik as der wol efkes ien de winkel wer út gean woe. No wit ik hiel goed dat sy keurich die wat sy dwaan moast en dat de fiskboer him ek oan de regels hâlde moat, mar ik hie yniens gjin nocht mear oan in fiskje. Net lilk op de fiskboer, net lilk op de regearing mei al dy regels mar wat grimmitich op dat hiele gedoch yn’e wrâld fan koroana.