Hurdsean aaike

Hast elke moarntiid kinne wy in oantal farske aaikes by ús piken út it hok wei helje. Fan dy skattige lytskes, fjouwer minuutjsjes siede dan binne se klear, dan hawwe wy hearlik sachtseane aaikes. Dêr hâlde wy fan. Fannemoarn hie ik de aaikes opset en wie de keuken efkes útgong….

Wykbrief

“Tinkst wol om it berjochtsje op’e wykbrief?”, sa krige ik as warskôging noch efkes te hearen. Ut en troch kleurje ik net altyd binnen de lyntsjes en is sa’n heugenis net ferkeard. “Ja, ja, sjoch mar, ik haw de útnoeging foar de Floriadetrip juster opstjoerd.” In dei letter is it…

VIP’s

Om ús festival in lyts bytsje te promoaten, hjir en der in praatsje te meitsjen en fansels om te genietsjen fan in hapke en in drankje, fertsjintwurdigden wy okkerdeis mei sy’n fjouweren ús organisaasje by de Midsimmermoeting fan de gemeente Achtkarspelen. By de parkearromte stie in man yn in oranje…

Panyk

De sirene fan de brânspuitauto komt stees tichterby en stoppe net fier fan ús ôf. Ik meitsje oanstalten om polshichte te gean nimmen. “Mar der fleanste dochs net efteroan?!”, sa krij ik te hearen. Sa’n twa minuten letter bin ik der al efter dat it wierskynlik om in skoalebesikje fan…

Hûndertfyftich wurden

Myn idee om dit rubrykje fan hûndertfyftich wurden te gean skriuwen komt út de Volkskrant, sa hie ik alris útlein. Hiel maklik haw ik somtiden in koart ferhaaltsje op papier. Ik soargje der alle kearen foar dat it bestiet út eksakt hûndertfyftich wurden. Fanmiddei diene wy in koarte lunch yn…

Gedachteleas

Efkes en boadskipke hjir, in boadskipke dêr, tassen thús bringe en wer nei de folgjende winkel om ynkeapen. Neist ús iten en drinken, it wurk en wat oare fêste patroanen, sjocht ús libben der eins sa wol sa’n bytsje út en kinne wy dit bestean ek hast wol op de…