Blierke

Efkes in pear warten oanstippe, dat hie ik de lêste jierren wolris faker dien en ik wist wol ûngefear wat der komme soe. De stikstof en it ‘wattenstêfke’ dêr’t de plakjes mei oanstipt wurde bin my wol aardich bekend.

Dat it oanstippen net noflik fielt wit ik ek wol, mar dizze kear giet it der dochs wol hiel oars om ta. De assistinte dy’t my dizze kear behannelet, brânt der letterlik aardich yn en ik freegje my ôf as sy se no oanstippet of alle trije yn ien kear fuort brâne wol.

As ik wer nei hûs fyts giet it my suver oer de lea en de oare dei sit my der in blier fan jewelste. It tûket allegearre enoarm en ik fiel my der hast siik fan. Efkes nei de dokter. Dy pript de blier troch. No sit der in beste wûn, mar de spanning is der ôf. Pfffttt…