“Hokfoar filmke wolst sjen?” In mem sit mei har dochterke yn’e wachtkeamer. It famke wit krekt wat sy wol en in pear klikjes fierder sit sy hielendal yn’e film. Ik siet rêstich te lústerjen nei it muzykje dat út’e radio kaam. Hjir is no it lawaai fan it filmke by kaam, it is dien mei de rêst.
“Mem! Hy docht it net mear!”, ropt it famke as it filmke in pear sekonden letter hingjen bliuwt. “It is in telefoan en gjin telefyzje”, sa probearret mem út te lizzen. Ik bin hast safier om te sizzen dat it hjir in wachtkeamer is en gjin húskeamer, mar ik hâld my yn.
“Listen to the music”, is het nûmer dat op de eftergrûn spilet, mar ik kin der net fan genietsje. Stikem genietsje ik der wat fan dat it filmke stees hingjen bliuwt en der dochs út en troch rêst is yn’e wachtkeamer.