Taryfke

“Ik kin it amper sjen mei dy lytse letterkes en dy grutte lampe dy’t yn myn gesicht skynt.” In âlder froutsje stiet foar ús yn in lange rige foar it parkearautomaat by De Lawei. Sûnt koart moat der betelle wurde om de auto op it terrein te setten en oan…

Trochride

Doe’t ik fanmiddei de doar útstapte om nei Ljouwert te riden foar de skriuwkursus tocht ik wol aardich op’e tiid te wêzen, mar op it klokje yn it desboerd sjoch ik dat it al rom oer ien oere is. Neat oan’e hân, want dan kom ik meastentiids ek noch wol…

Dikke poes

“Wolsto de matte fuortoan wer rjocht lizze asto deryn of derút giest?!” Yn de fraach liket hast wat ferwitends te klinken, mar somtiden kinne jo diskusje better net oan gean. Ik bin der lykwols wis fan dat ik dizze matte net skeef lis. De tiid dy’t dernei komt, tink ik…

Tropysk yn’e hûs

Hjir doocht wat net, is it earste dat der troch myn holle giet nei it wekker wurden. Ik hear in lûd dat ik net hearre moat. As ik ûnder yn’e keuken bin foar myn moarnsiten, wurde myn tinzen befêstige: de temperatuer is hjir hast tritich graden, de kachel hat de…

Nijs

Foar it nijs út’e omjouwing stiet myn radio regelmjittich ôfstimd op Omrop Fryslân. Ik fyn it noflik om it nijs yn myn eigen heitetaal te belústerjen. It duorret lykwols meastentiids net hiel lang foardat ik wer kies foar in oare nijsstjoerder. Yn it earste plak fyn ik it hielendal neat…

Kâld?

It wie acht graden ûnder nul doe’t wy begûnen mei ús etappe fan it Pieterpad. Foar ús dwaan wie dat aardich kâld, en wy binne dan ek al gau oan it krimmenearjen: kâlde teannen, kâlde fingers, kâlde billen en ensafuorthinne. Hiel efkes gean myn tinzen nei de flechtlingen út Oekraïne…

Hurdsean aaike

Hast elke moarntiid kinne wy in oantal farske aaikes by ús piken út it hok wei helje. Fan dy skattige lytskes, fjouwer minuutjsjes siede dan binne se klear, dan hawwe wy hearlik sachtseane aaikes. Dêr hâlde wy fan. Fannemoarn hie ik de aaikes opset en wie de keuken efkes útgong….

Yochert

“Wolst efkes sjen nei de yochert? Neffens my doocht dat net hielendal mear.” Ik pak de grutte pot fol mei mei de dikke wyte floeistof út de kuolkastdoar en it earste dat ik betinke kin is om it spul mar ris flink troch inoar te skodzjen. Ik pak de pot…

Tafelskikking

“Wa fersoarget it wolkom by de lunch?”, freegje ik my ôf as ik as ien fan de earsten oankom by it gebou en dêr mei noch in pear gasten inoar wat oan steane te sjen. Foardat it antwurd der is betink ik sels de oplossing: ik doch is sels. “Wolkom,…

Alarm

Piep… piep… piep… It sil sa om de tritich sekonden wêze dat op de oerloop in lûdsje te hearren is dat ik mar al te goed werom ken: it jout oan dat de batterij fan it brânalarm hast leech is. Moai systeem, sadat hja altyd witte dat der aksje ûndernaam…