Sûnder pûdsje

Yn de tsiiswinkel hoech ik nea lang nei te tinken, meastentiids pak ik in kilo ‘mild belegen’ fan de planke en lis it op de toanbank. De tsiisboer kin my sa stadichoan wol. “Sûnder pûdsje hin?!”

Al in hiel skoft lyn haw ik him útlein dat it pûdsje dat hy der sa handich en sûnder by nei te tinken om hinne docht, net nedich fyn. Der is al plestik genôch yn de wrâld en dit soad fan pûdsjes smite wy by thús kommen fuortdaliks yn it jiskefet, dit kin wol sa yn myn boadskiptas.

Hiel faak grypt hy automatysk nei it pûdsje, dan sjogge wy inoar efkes oan. O ja… Nettsjinsteande dat hy it krekt noch sein hat, sit it pûdsje der ek dizze kear automatysk dochs wer om hinne. Ach, lit it mar sitte. Miskien nim ik it de oare kear wer mei, dan kin hy it wer brûke.

Scroll naar boven