Beamkes roaie

Om ien oere soene sy der wêze, mar om tweintich foar ienen stiet der al in grutte kraan foar de doar en is in jongeman mei in grutte seachmasine en in helm op klear om te seagjen. Yn ien beweging hapt de kraan it boppeste stik fan de beam derôf en hâldt dizze sa dat de sydtûken derôf seage wurde kinne. De stam wurdt ferdield yn stikjes fan ûngefear in meter.

It ûnderste diel fan de noch steande stam wurdt troch de kraan fêstholden wylst de jongeman dit seaget yn stikjes fan ûngefear in meter, dy’t de kraan kreas delleit foar it hûs. Yn itselde rappe tempo giet ek de oare beam tsjin de flakte.

De takken ferdwine dernei yn in grutte masine dy’t se hielendal fersnippert, mei in blazer wurdt it ôffal fuort blaast en noch gjin tweintich minuten letter is de put dien en binne de beammen roaid.