Opromje

By ús yn’e keuken stiet sa’n bakje op’e tafel mei ‘mail’ derop, foar de post dy’t wy bewarje en letter noch ris ynsjen moatte. Fanmoarn besjoch ik it bakje ris en fyn it der aardich útpûljend útsjen. Dêr moatte wy mar ris efkes in slach trochhinne. Wapene mei in bakje kofje, geane wy de striid oan.

Allegearre folderkes komme wy tsjin mei oanbiedingen dy’t al lang net mear jildich binne, healfolle sparkaarten wêrfan de datum fier yn it ferline leit en allegearre menukaarten fan pizzeria’s en snackbars wêr’t wy ea noch wol ris wat wei helje kinne.

In adreswiziging moat noch efkes ferwurke wurde yn ús adresboek en as wy oan ús twadde bakje kofje ta binne, sjocht it bakje mei ‘mail’ derop der al aardich mear opromme út. Der binne noch trije papierkes oerbleaun, de rest leit al yn de papierbak. Wy moat der ris faker in slach trochhinne.