Oaljeboltsje

“Sille wy in oaljeboltsje hawwe?” Myn foarstel by it passearjen fan de kream wurdt fuortendaliks beäntwurde mei it fertraagjen fan it kuiertempo. – “Ja??” Grutte hoopfolle eagen sjogge my oan mar tagelyk hear ik ek alwer in stimke wat sizzen oer it minder iten en ôffallen wêr’t wy it okkerdeis oer hiene.

Oe, wat binne sy dochs hearlik en wat rûkt it hjir lekker by de kream, sa bliuwt it oare stimke roppen, mar fuort is der ek alwer dat iene stimke. De kaloryen wolle der wol oan en de kilokes moatte der ek wer ôf, en sa stean wy in skoftke stil.

It liket derop dat wy der net út komme en de stap om mar in pûdsje mei te nimmen is hast set. Sy bliuwt my oansjen, it liket as dat ik tastimming jaan moat. Lykas altyd bin ik dan mar wer de ferstannichste. “Wy dogge gjin oaljeboltsje!”