Korona

It begûn mei in wat snotterige noas en de oare dei fielde ik my net echt fit. Ik hong mar wat op de bank om en in slach om’e haven liet ik dizze twa dagen mar foar wat it is. Och – sa tocht ik – elk jier bin ik wol efkes wat snotterich en heal en dat duorret dan in pear dagen en dan knapt it wol wer op.

Mar sa tinkt hast nimmen der tsjintwurdich mear oer. Sûnt korona stapt elkenien dy’t fernimt dat ik wat snotterich bin oardel meter efterút en fiel ik my al hast wer yn karantêne. Koarts haw ik net iens, mar sûnder sels nei te tinken oan in gewoan grypke, gean hiel folle fuortdaliks al út fan korona.

Nijsgjirrich beslute ik om justerjûn dochs mar oan ta om in koronatest te dwaan. En werklik wier: ik ha haw gelyk, ik haw gjin korona!